Springe nei ynhâld

Shakespeariaanske apokrifa

Ut Wikipedy
De saneamde Third Folio fan Shakespeare syn wurken, dêr't guon apokrife toanielstikken fan him yn gearbrocht waarden.

De Shakespeariaanske apokrifa binne in espel toanielstikken en gedichten dy't wol taskreaun wurde oan 'e wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare, mar wêrfan't net fêststiet dat er se skreaun hat. Gauris is de taskriuwing oan him om mearderlei redens twifelich. Dizze saak stiet folslein los fan 'e diskusje oer it Shakespeariaanske auteurskip (dat in strideraasje ûnder literêr histoarisy is oangeande de fraach oft Shakespeare syn oeuvre wol echt skreaun hat en oft er net in strieman wie foar in oare, anonime skriuwer).

By syn libben waard net mear as de helte fan Shakespeare syn toanielstikken publisearre. Pas sân jier nei syn dea, yn 1623, waarden troch John Heminges en Henry Condell al syn stikken sammele en útjûn as de gesachhawwende First Folio. Heminges en Condell koene dat dwaan om't se, krekt as Shakespeare, ta de King's Men hearden, in Londensk teäterselskip dat alle toanielstikken út 'e First Folio opfierd hie. (Yn it Elizabetaanske Ingelân wiene toanielstikken eigendom fan it selskip dat se opfierde, en net fan 'e toanielskriuwer.)

Yn teory soe it dus dúdlik wêze moatte wat Shakespeare skreaun hat en wat net: alles yn 'e First Folio moat fan him wêze en fierders neat, mei't Heminges en Condell sûnder mis better wisten wat er skreaun hie as lettere wittenskippers, dy't op breklike boarnen fertrouwe moasten. Der binne lykwols in stikmannich komplikaasjes. Yn 'e santjinde iuw ferskynde nammentlik ûnder Shakespeare syn namme in hiele rige stikken dy't net yn 'e First Folio foarkomme. Dêr kinne ûnderskate redens foar wêze. Yn guon gefallen kinne se gewoan it wurk west hawwe fan malafide printers, dy't meiliftsje woene op 'e reputaasje fan Shakespeare. Yn oare gefallen soe it wêze kinne dat Shakespeare net de skriuwer wie, mar by de tastânkomming fan it oangeande stik in redigearjende rol ferfolle hat. Of sa'n toanielstik soe basearre wêze kinne op in plot dy't Shakespeare betocht mar nea útwurke hat. Ek is it mooglik dat it om in gearwurking tusken Shakespeare en ien of mear oare toanielskriuwers giet. En ien fan 'e meast foar de hân lizzende mooglikheden is dat sa'n stik troch in oar toanielselskip opfierd is, en dat Heminges en Condell der dus net oer beskikke koene doe't se de First Folio gearstalden.

Fan guon toanielstikken dy't net yn 'e First Folio fêstlein binne, stiet frijwol fêst dat Shakespeare se skreaun hawwe moat. Dêrby giet it om Perikles, Prins fan Tyrus en de ferlern giene komeedzjes Kardenio en Leafde's Lêst Al Leanne. Ek oer De Twa Aadlike Neven bestiet no fierhinne in konsensus dat Shakespeare de auteur west hawwe moat. Dizze toanielstikken wurde dan ek net (mear) ta de Shakepeariaanske apokrifa rekkene. Mar der bestiet noch in hiele rige oare stikken wêrfan't it auteurskip noch yn 'e kiif stiet. Guon dêrfan, lykas Hear Thomas Cromwell, hawwe sa'n atypyske skriuwstyl dat it dreech is om te leauwen dat se wier fan 'e hân fan Shakespeare wêze soene. Mar hoe dan ek, dit is in opsomming fan 'e Shakespeariaanske apokrife toanielstikken:


Njonken dat espel toanielstikken binne der ek noch guon gedichten wêrfan't de taskriuwing oan Shakespeare ûnwis is. Yn it foarste plak giet it dêrby om 'e samling De Hertstochtlike Pylger (The Passionate Pilgrim). Dêryn waarden yn 1599 sûnder Shakespeare syn tastimming twa fan 'e Sonnetten publisearre en trije gedichten dy't oan 'e komeedzje Leafde's Lêst Net Leanne ûntliend wiene. Fan 'e rest fan 'e gedichten yn dy bondel kin fan in diel mei wissichheid sein wurde dat se it wurk fan oare skriuwers binne, mar fan guon is de auteur ûnbekend; dy soene mooglik fan Shakespeare wêze kinne. Ek binne der noch guon oare, losse gedichten dy't wol oan him taskreaun wurde. Dit is in opsomming fan 'e Shakespeariaanske apokrife gedichten:

wurken fan Shakespeare
Shakespeariaanske trageedzjes
Antonius en Kleopatra | Hamlet | Julius Caesar | Kening Lear | Koriolanus | Macbeth | Otello | Romeo en Julia | Symbelinus | Timon fan Atene | Titus Androanikus | Troilus en Kressida
Shakespeariaanske histoaryske stikken
1 Hindrik IV | 2 Hindrik IV | Hindrik V | 1 Hindrik VI | 2 Hindrik VI | 3 Hindrik VI | Hindrik VIII | Kening Jan | Richard II | Richard III
Shakespeariaanske komeedzjes
Ein Goed, Alles Goed | De Fekke Nuet | De Fleurige Wyfkes | Folle Spul om Neat | Kardenio (ferlern gien) | De Keapman fan Feneesje | In Komeedzje Fol Fersinnen | Leafde's Lêst Al Leanne (ferlern gien) | Leafde's Lêst Net Leanne | Lyk om Lyk | In Midsimmernachtdream | Nei Jim Beleavjen | Perikles, Prins fan Tyrus | Symbelinus | De Stoarm | Trijekeningejûn | De Twa Aadlike Neven | De Twa Eallju fan Verona | It Winterjûnsteltsje
Shakespeariaanske poëzij
De Feniks en de Toartel | Fenus en Adoanis | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | De Klaachsang fan in Minneresse | De Rôf fan Lukresia | Sonnetten (1 • 17 • 18)
Shakespeariaanske apokrifa
gedichtenIn Begraffenistreurdicht | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | Oan de Keninginne | Sil Ik Stjerre | toanielstikkenArden fan Faversham | De Berte fan Merlyn | Edmund Izerkant | Edwert III | De Ferlerne Soan fan Londen | De Fleurige Duvel fan Edmonton | Hear Thomas Cromwell | John Oldcastle | Lokrinus | Musedoarus | Oer-Hamlet (ferlern gien) | De Puriteinske | Thomas More | Tomas fan Woodstock | In Trageedzje yn Yorkshire | Tsjeppe Em, de Moolnersdochter fan Manchester | De Twadde Trageedzje fan de Faam
oare ûnderwerpen oangeande Shakespeare
Mary Arden | Double Falsehood | First Folio | Fryske Shakespeare Stifting | Anne Hathaway | Teatse Eeltsje Holtrop | Douwe Kalma | King's Men | Lord Chamberlain's Men | Hamnet Shakespeare | John Shakespeare | Judith Shakespeare | Susanna Shakespeare | Shakespeare in Love | Shakespeariaansk auteurskipsdebat | Stationers' Register | Stratford-upon-Avon | Tryater